Reizger-Stoarm

Audio clip: Adobe Flash Player (version 9 or above) is required to play this audio clip. Download the latest version here. You also need to have JavaScript enabled in your browser.

Dagenlang rin ik dy foarby
Winsk en fraach, tinken, fernuverje my
Skaad, ferskrikke opnij, ‘t plak fan’t bestean
Hoe is dit mooglik, hoe is dit ûntstean
Jierrenlang wie it toch goed

Gefoelige lieten reitsje no myn hert, trilje as ‘n blêd yn de wyn

Gouden ljocht fersmiet blau en giel
Foarm is krekt, omearmje djip myn siel
Ljocht en tsjuster, wrakselje as yn in striid
Wyn stjit my wekker, lûkt krêftich oan myn hier
Bliuw noch amper fier oerein

‘t Wetter spat wier heech op, wolken binne griis en grau

Dagenlang rin ik foar dy út
Hertstocht ferdwynt sûnder beslút
Wy ferfrjemdzje en reitsje mekoar net mear oan
Fernuverje, fersmoare, ús leafde is fan de bân
Mei in machtiche grutte klap

Leech oer ‘t lân swermje fûgels út, in foarmen wiid en nau

Langs see bûcht en rûst ‘t reid
Op ‘t ritme fan de wyn
Stoarmkrêft âlve, de rein, nee, dy fiel ik net
Ballet fan bûchsum en fan krêft
Fertriet makket my blyn

Tsjuster ferdwynt mei ‘t ljocht, de loft is skjin en blau

Tekst: Bart van der Wal
Musyk: Bart van der Wal
Opname: Gumbo studio Ens
Arranzjemint: Douwe van der Werff
Miks & produksje: Eric van der Wal

Sang: Hetty Zonderland
Gitaar, sang: Bart van der Wal
Kontrabas, elektrieske gitaar: Eric van der Wal
Perkusje: Pieter Dokter
Sello: Carel van Leeuwen

Share