Reizger-Snie

Audio clip: Adobe Flash Player (version 9 or above) is required to play this audio clip. Download the latest version here. You also need to have JavaScript enabled in your browser.

As de wyn wer sjongt fanút de see
Teit de snie en krijt it lân wer kleur
En de mais is klear en moat fan it lân
As kjeld syn plak wer fynt
De frou seit tsjin har man
Dat sy syn gesicht wol gau ferjit
Mar foar sy giet leit de skuorre fol
En bliuwt sy foar sa’n ryk besit

As de wyn wer sjongt fanút de see
Teit de snie en krijt it lân wer kleur
En de swellen fleane op en del
De hiele simmer troch
Mar as de winter dan begjint
En syn leafste wol der wer op út
Sjocht sy in har hert en jout har del
En komt sy werom op har beslút

As de wyn wer sjongt fanút de see
Teit de snie en krijt it lân wer kleur
En fûgels sjonge it heechste liet
de natoer jout syn moaiste fleur
De frou har hert dat smelt as iis
Fan jûns oant moarns betiid
Sy leit har neist him del yn bed
En fielt hy gjin ferlies

Sa praat my net fan wer gean myn leaf
As ‘t wat tsjin sit, foaral mei dy
Bliuw foar fêst oan myn side myn leaf
Lit dat jachtsjen mar oer oan my
Want no, ik gean der wer fan troch
Oer seeën en noorder lân
As de wyn wer sjongt fanút de see
En het lân kryt de kleur fan sân

Tekst: Bart van der Wal
Musyk: Bart van der Wal
Opname: Gumbo studio Ens
Arranzjemint: Bart van der Wal
Miks & produksje: Eric van der Wal

Sang: Hetty Zonderland
Gitaar: Bart van der Wal
Basgitaar, mandoline: Eric van der Wal
Perkusje: Pieter Dokter

Share